TJITTE

Fryske muzyk

“Ik mei graach ris rinne,
en wa wit wer hinne”

Rûntsje Rinne – TJITTE

TJITTE is Tjitte Jan Hogeterp (1982), berne yn Snits, opgroeid yn Aldegea SWF oan de Fryske marren en wenjend yn Surhústerfean. Fanôf myn 5e drum ik al, spile ik yn orkesten en fanôf myn pubertiid drum ik yn ferskate bands lykas Espresso (25+ jier) en koart yn Ilanois (3FM, Radio2) en in protte oare moaie projekten. Mar neist it drummen skreau en produsearre ik al langer pop-, lounge- en dancelietsjes dêr’t ik myn emoasjes en persoanlike prosessen yn kwyt koe. Yn 2015 die ik mei oan it Fryske lietfestival LIET en waard ik 2e mei it liet Rûntsje Rinne, dat al in skoft klear lei. Nei dit hichtepunt besleat ik om wat mear nei foaren te kommen mei myn eigen muzyk.

Dat nei foaren kommen doch ik op ferskate fronten. Sa meitsje ik as John Pitt wat djippere Ingelske en yntuïtive lietsjes en as TJITTE Fryske lietsjes foaral yn it sjenre reggae/pop/jazz. In serieuze boadskip ferstoppe yn soms in funky noat.

Nei de finale yn 2015 trede ik hjir en dêr foarsichtich op en begjin 2020 die ik myn earste húskeamerkonsert by Muzyk by de Buorren. Spannend, mar prachtich! Húskeamers, tsjerkjes en moaie bûtenplakjes binne myn favorite settings: suver en yntym. Mar TJITTE freget ek om grutte poadia dêr’t it gruttere lûd weromkomme kin mei band.

Muzyk is foar my oant no ta de iennige wize om alles streame te litten. Yn muzyk lit ik los, fertrou ik op myn yntuysje en komme ritmes, klanken en gefoelens automatysk byinoar. In hearlike hertferbining mei myn skeppingskrêft.

2026

It skriuwen fan Fryske muzyk hat in skoft stil lein troch de streaming yn de Ingelske muzyk, mar ûnderwilens bin ik dwaande mei it ôfmeitsjen fan in 2e single mei de namme Swart en it ôfmeitsjen fan in tredde nûmer Tútsje Dysels. Hjirmei rûn ik myn Fryske EP De Twadde Leg ôf.

Nederlandse vertaling
TJITTE is Tjitte Jan Hogeterp (1982), geboren Sneeker, opgegroeid in Oudega SWF aan de Friese meren en woonachtig in Surhuisterveen. Vanaf mijn 5e drum ik, speelde ik in orkesten en vanaf mijn pubertijd drum ik in verschillende bands zoals Espresso (25+ jaar) en kort in Ilanois (3FM, Radio2) en vele andere leuke projecten. Maar naast het drummen schreef en produceerde ik al langer pop-, lounge- en danceliedjes waar ik mijn emoties en persoonlijke processen in kwijt kon. In 2015 deed ik mee met het Friese liedjesfestival LIET en werd ik 2e met het liedje Rûntsje Rinne wat al een tijdje klaar lag. Na dit hoogtepunt besloot ik om wat meer naar voren te treden met mijn eigen muziek.

Dit naar voren treden doe ik op verschillende fronten. Zo maak ik als John Pitt wat diepere Engelse en intuïtieve liedjes en als TJITTE Friese liedjes in vooral het genre reggae/pop/jazz. Een serieuze boodschap verstopt in soms funky noot.

Na de finale in 2015 trad ik her en der voorzichtig op en begin 2020 deed ik mijn eerste huiskamerconcert tijdens Muziek bij de Buren. Spannend, maar prachtig! Huiskamers, kerkjes en mooie buitenplekjes zijn m’n favoriete settings: puur en intiem. Maar TJITTE vraagt ook om grote stages waarin de grotere sound terug kan komen met band.

Muziek is voor mij de enige wijze tot nu toe om alles te laten stromen. In muziek laat ik los, vertrouw ik mijn intuïtie en komen ritmes, klanken, gevoelens automatisch bij elkaar. Een heerlijk hart verbinding met mijn creatiekracht.

Het schrijven van Friese muziek lag een tijdje stil door de stroming in de Engelse muziek maar ondertussen ben ik bezig met de afronding van een 2e single genaamd Swart en het afronden van een derde nummer Tútsje Dyselfs. Hiermee rond ik mijn Friese EP De Twadde Leg af.

Livefideo fan de finale fan LIET yn 2016 by Omrop Fryslân. Hjir helle ik it 2e plak mei it liet Rûntsje Rinne.

Live video van de finale van LIET in 2016 op Omrop Fryslân. Hier behaalde ik de 2e plaats met het liedje Rûntsje Rinne.